Friezinne om utens is de twadde ferhalebondel fan de nei Kanada emigrearre Pia van Rees. Skreau se yn har earste boek oer de sykte en it ferstjerren fan har mem yn Fryslân, diskear falt it ljocht op it deistich libben fan har húshâlding yn Kanada en de ferskillen mei Nederlân.
Leverbaar

Yn deselde noftere mar trefsekere styl fan har debút komt no ek de fraach oan ’e oarder: bliuwe, of dochs leaver werom nei it heitelân en dêr in nij bestean opbouwe?
‘Pia van Rees skriuwt rjocht foar syn raap, goudearlik en djip út it hert.’
‘Werkenbere ferhalen, it iene koarter, it oare langer, dy’t elke lêzer reitsje sille.’